Biltkers nei Litouwen

03 jun 2008 - 15:09

Santich ynwenners fan It Bilt gean tongersdei nei Litouwen. De gemeente hat al tsien jier in relaasje mei de gemeente Panevezys. Doel fan ´e besite is derfoar te soargjen dat âldere minsken yn better ûnderhâlden huzen wenje kinne.

It Bilt hat al ferskate projekten opset yn ´e Litouske gemeente. Sa leveren se kompjûters oan skoallen. De besikers binne minsken fan ´e gemeente, soarchsintrum It Bilt en leden fan in koar en fan in brassband.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)