Biltdiken mooglik ryksmonumint

13 mrt 2003 - 00:00

De ynwenners fan It Bilt meie sels meibepale oft de Alde en Nije Biltdyk ryksmonumint wurde. Op 3 april wurdt yn Aldebiltsyl de earste ynspraakjûn hâlden. Earder hat de provinsje al oanjûn dat de Biltdiken mooglik yn oanmerking komme foar it predikaat ryksmonumint.

De gemeente lit noch útsykje wat krekt de konsekwinsjes wêze kinne fan de status. Mooglik wurde de aktiviteiten foar dykbewenners dertroch beheind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)