Biltdiken krije kleuren foar mear feilichheid

14 maaie 2015 - 17:21
  • Smelle diken op It Bilt

De gemeente It Bilt wol de Biltdiken feiliger meitsje mei help fan kleuren op de dyk. Op de Alde- en Nijebiltdyk wurdt no faak te hurd riden en dat soarget foar gefaarlik sitewaasjes. Op krusings sil de oergong fan it 30 kilometer en it 60 kilometergebiet yn read oanjûn wurde. Om de snelheid op de dyk noch fierder werom te bringen wol de gemeente oan beide kanten fan de dyk parkearplakken oanlizze mei betonnen útstulpings. It beslút oer de ferkearsmaatregels hat de gemeente naam nei oerlis mei bewenners, plysje en doarpsbelangen.

Yn juny moat dúdlik wêze hokker oannimmer it wurk útfiere mei en yn augustus moat it wurk útfierd wurde. Yn ferbân mei it stoarmseizoen moatte de wurksumheden foar oktober dien wêze. Oer it feiliger meitsjen fan de smelle en drokke diken wurdt al jierren praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)