Biltdiken behâldt status beskerme doarpsgesicht

08 apr 2016 - 11:48
  • Biltdiken mei status beskerme doarpsgesicht

Minister Mélanie Schultz van Haegen sil de oanwizing fan de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht, net weromdraaie. De VVD en de SGP yn de Twadde Keamer hiene dat frege, mar de minister hâldt fêst oan de beskerme status. Benammen boeren hawwe dêr neffens de VVD grutte soargen oer, omdat se tinke dat it lestiger wurdt om har bedriuw út te wreidzjen.

De gemeenteried fan It Bilt wie tsjin de oanwizing. No tiisdei wurdt der yn de Twadde Keamer stimd oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)