Bilker praat mei learlingen

13 jan 2009 - 08:05

Boargemaster Bilker fan de gemeente Kollumerlân praat tongersdei mei learlingen fan it fuortset ûnderwiis yn Kollum. Bilker fynt dat der in soad oer, mar te min mei jongeren praat wurdt. Dêrom wol er no sels mei de jeugd om tafel.

De boargemaster wol fan de jongeren ûnder oare hearre oft se tefreden binne oer harren oplieding, oft der genôch mooglikheden binne om út te gean en wat se fine fan de iepenbiere oarder en feilichheid yn de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)