Bilker is grutsk op Kollum by ôfskie fan flechtlingen

16 okt 2015 - 17:34

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân fielt him leech no't de flechtlingen nei goed twa wiken by him út de gemeente wei binne. Se binne freedtemiddei ôfset nei Ljouwert. It wie in yntins ôfskie en Bilker betanke de flechtlingen foar de freonlikens. Doe't er sei dat er hopet en bidt foar in goeie takomst, krige hy applaus fan de flechtlingen.

Bilker ferwachtet net direkt in nije oanfraach fan it COA, mar as dy der komt dan sil hy dêr serieus nei sjen, sa seit er. Hy is grutsk op de wize wêrop't Kollum de flechtlingen opfongen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)