Bilker De Jong ferstoarn

29 okt 2000 - 17:48

De bekende Bilker Gerryt Dirks de Jong is freed yn syn wenplak Sint Anne ferstoarn. Hy is 72 jier wurden. De Jong wie al lange tiid siik.

De Jong wie bekend fan De Bildtse Post. Yn 1945 kaam er as setter. Letter waard er redakteur en eigner fan de krante. Hy wie de grutte man achter it yn stân hâlden fan de Biltse taal en kultuer. Yn 1992 krige er de Biltse kultuerpriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)