Bilgaard: ruten ticht foar reek

24 aug 2006 - 17:48

Omwenners fan it baarnende winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert moaste tongersdeitemoarn in skoft lang doarren en ruten tichthâlde foar de reek. Dat advys joech wethâlder Florijn oan bewenners fan De Hooidollen, De Jokse en De Gealannen. Buertbewenners en winkellju waarden opfongen yn De Adelaarstsjerke. De skea rint yn de tsientallen miljoenen. Yn 'e rin fan 'e middei waard de warskôging wer ynlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)