Bilgaard nominearre foar priis

23 sep 2014 - 16:49
  • Wykbedriuw Bilgaard

It Wykbedriuw Bilgaard yn Ljouwert is nominearre foar de lanlike Herman Wijffels Ynnovaasjepriis 2014. Mei it wykbedriuw wolle oprjochters KUUB, KAW, Bouwgroep Dijkstra Draisma en Ekwadraat de duorsumens en leefberens yn de wyk Bilgaard ferbetterje. It wykbedriuw stekt jild yn duorsume enerzjy en docht ûnderhâld yn de wyk. Dêrneist stipet it wykbedriuw bewenners dy't harren as frijwilliger ynsette wolle.

De priis wurdt op 30 oktober oerlange. Der is 30.000 euro beskikber foar elke kategory.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)