Bildt komt mei nij kultuerplan

15 sep 2000 - 17:18

It Bildt wol himsels better kultureel profilearje. Kulturele en histoaryske plakken moatte dúdliker oanjûn wurde foar toeristen en foar It Bildtsk komt mear jild beskikber.

De twa wichtichste kulturele sintra soene harsels mear spesialisearje moatte. Ons Huis yn Sint Anne moat him op teater en kabaret rjochtsje, de Groate Kerk op muzyk- en sjongfoarstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)