Bikker dochs ferfolge foar moard

19 okt 2002 - 00:00

Justysje yn Dútslân sil de Nederlânske oarlochsmisdiediger Herbertus Bikker ferfolgje foar moard. Bikker waard oan 'e ein fan de Twadde Wrâldoarloch feroardield ta libbenslang.

Hy ûntsnapte yn 1952 út de gefangenis. Tsien jier werom waard Bikker yn Dútslân opspoard troch sjoernalist Jack Kooistra út Ljouwert. Bikker wurdt oanklage foar moard op in boer yn Ommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)