Bikkels skriuwe har yn foar Winterfytsalvestêdetocht

15 nov 2015 - 13:30

Hûnderten dielnimmers ha har snein ynskreaun foar de Winterfytsalvestêdetocht. Dat koe yn de nije Ljouwerter alvestêdehal. De start en finish binne op 14 febrewaris yn de iishal en wa't der betiid by is, kin mei yn de earste startgroep fan 500 minsken. It maksimaal oantal dielnimmers is 1.500.

Nij yn de twadde edysje is dat de rûte noch tichter by de echte Alvestêdetocht del rint. De fytsers komme oan beide kanten fan de Dokkumer Ie del nei Bartlehiem en fytse ek oer it nije fytspaad by de Swette rjochting Skearnegoutum.

De winteredysje is bedoeld foar echte bikkels en wurdt organisearre troch de Fietsersbond en de stichting Friesland Beweegt. De organisaasje ûndersiket oft fan 2017 ôf ek in wedstriid oan de toertocht keppele wurde kin. Dan is der ek sûnder winterwaar dochs noch in winner fan in Alvestêdetocht. It evenemint moat ek oanslute by Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)