Bikemotion mei Batavus ferkeapje

25 nov 2004 - 15:38

Fytsefabryk Batavus op It Hearrenfean kin net foarkomme dat fytsen fan it konsern fier ûnder de advyspriis ferkocht wurde fia ynternetwinkel Bikemotion.nl. De rjochtbank yn Ljouwert hat ferbean dat Batavus ôfspraken makket mei syn dealers.

Batavus sei it kontrakt mei Bikemotion.nl trije jier lyn op fanwege de lege prizen. De ynternetwinkel koe de fytsen doe allinnich noch fia oare dealers keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)