Bijman: sluting Amels spitich

05 feb 2005 - 12:41

Deputearre Bijman neamt de sluting fan jachtwerf Amels yn Makkum tige spitich. Bijman wie al langer op de hichte fan de problemen by Amels. Hy hat bemiddeler west by ûnderhannelings oer in oername fan de werf.

Dy petearen binne op neat útrûn en de werf giet dêrom ticht. Dêrtroch komme de 180 meiwurkers op strjitte te stean. Boppedat ferdwynt der troch de sluting in soad kennis oer de skipsbou yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)