Bijman nei Ingelân

02 maaie 2003 - 00:00

Deputearre Bijman sil ynkoarten nei Ingelân om mei bestjoerders te praten oer de tongblierkrisis. Dy is al oer, mar tal fan bedriuwen en de provinsje ha noch mei de gefolgen te krijen.

Sa sit der bygelyks noch hieltyd jild yn in needfûns fan de provinsje. Dat jild wurdt net útjûn, wylst der in protte bedriuwen binne dy't der ferlet fan ha. Yn Ingelân binne der tal fan projekten opset. Bijman sil besjen oft dêr yn Fryslân wat fan te learen falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)