Bijlsma Warten: tydlik wurkje

21 maaie 2003 - 00:00

Skipswerf Bijlsma yn Warten iepent moandei tydlik de doarren foar tritich wurknimmers. Dy moatte de rinnende saken ôfmeitsje. Dêrnei kinne tritich fan de santich meiwurkers nei Bijlsma op De Lemmer. It is noch net dúdlik wa't mei mei. Ek is ûndúdlik foar hoe lang at se dêr oan it wurk kinne.

Foar de Lemster festiging folget yn juny nijs oer de takomst. It personiel yn Warten hearde woansdei fan de kurator dat it bedriuw fallyt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)