Bijlsma stelt personiel gerêst

27 jun 2003 - 00:00

De direksje fan skipswerf Bijlsma op 'e Lemmer hat freed besocht de ûnrêst ûnder it personiel fuort te nimmen. It personiel is benaud dat de doarren fan de werf oer in pear wike op slot sitte, wannear't se weromkomme fan fakânsje.

De direksje hat it personiel de fersekering jûn dat dat net it gefal is. Oant oktober binne der neffens de direksje noch opdrachten om elkenien oan it wurk te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)