Bijker fraachteken by Cambuur

22 nov 2013 - 12:49
  • SC Cambuur

It is noch ûnwis oft Lucas Bijker sneon spylje kin foar Cambuur yn de thúswedstriid tsjin NEC. Bijker rekke op de training blessearre oan it ankel. Sneon sil besjoen wurde oft de ferdigener fit genôch is om oan de wedstriid te begjinnen. By Hemmen en Van Moorsel binne ek noch lichte twivels, mar sy kinne nei alle gedachten wol spylje. Erik Bakker is skorst. Bart van Brakel makket nei alle gedachten syn debút foar Cambuur.

Cambuur-NEC is in wedstriid yn de ûnderein. It ferskil is mar trije punten yn it foardiel fan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)