Bijelint lâns Alvestêderûte moat bijen rêde

12 feb 2015 - 11:30
  • Ferskate wethâlders ûndertekenen de yntinsjeferklearring foar it bijelint
  • De rûte fan it bijelint

De oanlis fan in bijelint lâns de Fryske alve stêden moat tenei folle profesjoneler oanpakt wurde. Dêrom moat der in aparte stichting komme dy't de oanlis op him nimt. Dat sizze de inisjatyfnimmers fan it plan.

It bijelint is in strook fan wylde blommen dy't der foar soargje moat dat bijen mear iten fine kinne. Dat is neffens de inisjatyfnimmers nedich om't de bij oars driget te ferdwinen. Der wurdt al oardel jier wurke oan it lint, mar net alle boeren wolle wylde blommen op har lân. Ek binne der ekstra ûnderhâldskosten foar gemeenten.

Om dy ekstra kosten te dekken soe de oerkoepeljende stichting subsydzje oanfreegje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)