Bijefjild lanlike primeur

11 apr 2014 - 20:29

Berltsum hat de lanlike primeur mei it earste offisjele bijefjild. It is in inisjatyf fan de gemeente Menameradiel, de Fryske Miljeu Federaasje en de Nederlânske Bijeferiening ôfdieling Ljouwert. Der binne fierstente min blommen foar de bijen en om dat te feroarjen hat de gemeente in stikje grûn beskikber steld op de Pôlle. De oare twa partijen ha it sied regele en de bern fan beide skoallen ha dat siedde.

It giet om in proef en as it slagget giet de bijeferiening de boer op om yn alle doarpen bijefjilden te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)