Big Jump foar skjin swimwetter

09 jul 2014 - 16:45
  • Springe foar skjin swimwetter yn Grutte Wielen

Foar de tredde kear springe tsientûzenen bern yn hiel Europa yn it wetter om omtinken te freegjen foar it belang fan skjin swimwetter. Ek yn Fryslân wie it Big Jump. Tsien bern sprongen woansdei mei it suterige waar it wetter fan de Grutte Wielen yn.

Tagelyk waard troch ferskate organisaasjes in swimwetterkonvenant opset om mei-inoar ûndersyk te dwaan nei fersmoarging fan it wetter troch bygelyks medisinen of fan boerehiemen ôf yn kaart te bringen en eventuele maatregels ôf te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)