Bierkampioenskip op De Jouwer

14 maaie 2011 - 13:32
  • Foto's: Wytse Vellinga (Omrop Fryslân)

Karmasters priuwe sneon op De Jouwer hast 400 bierkes fan 60 ferskate biersoarten. Dy binne makke troch amateurbierbrouwers út hiel Nederlân. It bier dat as bêste út de test komt, wurdt offisjeel Nederlânsk kampioen.

It kampioenskip bestiet al jieren, mar it is dit jier foar it earst yn Fryslân. Der dogge twa Fryske bierbrouwers oan mei. Neffens de organisaasje meitsje dy in goede kâns om te winnen. Op 28 maaie wurdt de útslach bekend makke yn Feanhuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)