Biede op Rinsma State

30 sep 2010 - 11:56

Rinsma State yn Driezum stiet no offisjeel te keap. It lânhûs wurdt ferkocht by iepenbiere ynskriuwing. It monumintale gebou is fan DSB Beheer fan Dirk Scheringa dat ferline jier fallyt gie. De ferkeap is yn hannen fan it bedriuw Jones Lang LaSalle.

De iepenbiere sitting dêr't minsken harren bod útbringe kinne, is op 25 novimber. Oer de post biede kin ek, uterlik oant 15 novimber. Neffens makelers soe Rinsma State 3 miljoen opbringe moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)