Biede op fyts Wout Zijlstra

15 jun 2011 - 10:07

De fyts fan sterke man Wout Zijlstra wurdt sneon oerlange oan de heechste bieder. De Folsgeaster fytste ôfrûne tongersdei by de aksje Alpe d'Huzes de Alpe d'Huez op foar it kankerfûns.

De fyts wurdt no by opbod ferkocht op Marktplaats. De opbringst giet nei it KWF. Der is al 1250 euro bean op de All Terrain Bike. Sneon 12.00 oere slút de bieding. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslan wurdt de fyts oan de heechste bieder jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)