'Bied bedriuwen grûn oan'

12 aug 2008 - 13:47

Ljouwert moat op 'e tiid grûn oanbiede oan bedriuwen dy't útwreidzje wolle. Dat sizze de VVD en de PvdA yn 'e gemeenteried. De lêste tiid gean faak bedriuwen fuort, omdat se yn Ljouwert tsjin harren grins oanrinne. Se hawwe ek problemen mei de minne berikberens fan Ljouwert. Dat is in reden om út 'e stêd wei te gean.

VVD en PvdA wolle dêr sa gau mooglik yn de ried oer prate. It probleem moat struktureel oplost wurde, mar der moat ek help op maat wêze foar elk bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)