Bidbookkrante foar KH 2018

29 okt 2012 - 11:56

Yn Ljouwert binne moandei de earste bidbookkranten drukt foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De mei-inoar 300.000 eksimplaren sille fan woansdei ôf ferspraat wurde yn hiel Fryslân. Yn de krante stiet wêrom't Ljouwert him kandidaat stelt foar de ferkiezing Kulturele Haadsted 2018. De alderearste krante is troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert fan 'e parse helle.

De gemeenteried nimt moandeitejûn in beslút oer dielname fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018. Der binne ek noch fjouwer oare Nederlânske stêden yn 'e race foar KH2018.

Dat binne de stêden Eindhoven, Den Haach, Utrecht en Maastricht. Ein novimber is der in earste seleksje en dan bliuwe der twa oer. Yn septimber 2013 wurdt bekendmakke wa't foar Nederlân de Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 wurdt. De oare kulturele haadstêd foar 2018 is de Malteeske haadstêd La Valetta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)