'Bid Thialf goed ûntfongen'

02 maaie 2013 - 20:48
  • In ympresje fan it nije Thialf

"It kin net oars of Thialf wurdt de nije topsportbaan fan Nederlân." Dat sei deputearre Hans Konst nei ôfrin fan de saneamde bidboekpresintaasje. In kommisje fan wize manlju fan de KNSB bûcht him dizze dagen net allinnich oer de plannen foar in nij Thialf, mar besjocht ek twa oare plannen.

Sa wolle ek Almere en Zoetermeer in nije iishal bouwe. En ek sy wolle yn de takomst de EK's en WK's binnen helje. Tongersdei moasten de kânshawwers harren plannen taljochtsje oan de kommisje. Op 28 maaie wurdt bekend hokker iisstadion wint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)