'Biblioteken SWF moatte ticht'

01 nov 2012 - 16:44
  • Byb Warkum

Om de gemeentlike besunigingsplannen te heljen, moatte der biblioteken yn Súdwest-Fryslân ticht. Dat seit direkteur Ellen van Albada fan de biblioteekfoarsjenning yn dy gemeente. Oer in pear jier moatte de biblioteken mei 400.000 tûzen euro jierliks minder ta. Neffens in helberensstúdzje fan de gemeente soe dat de fêstigings yn Drylts, Koudum, Makkum, Wytmarsum en Warkum de kop kostje. Mar de riedskommisje fûn dat woansdei in min ûndersyk, dus komt der in nijen wêrby't ek oare alternativen meinommen wurde lykas in digitale biblioteek.

Biblioteekdirekteur Van Albada betwivelet oft dat in begeanber paad is yn kombinaasje mei besunigings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)