Biblioteekprojekt yn Wûnseradiel

01 feb 2002 - 00:00

It fuortbestean fan de bibliobus stiet faai. Hieltyd mear gemeenten heakje ôf en it wurdt foar de oare gemeenten hieltyd djoerder om de bus yn stân te hâlden. Wûnseradiel hat dêrom freed in alternatyf betocht foar de bus.

Twa skoallen yn Penjum en Lollum ha no in kompjûter krigen dêr't it hiele doarp boeken mei bestelle kin. It projekt is in inisjatyf fan de gemeente en de CBD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)