Biblioteek Stiens iepenet doarren yn mfs De Skalm

28 apr 2015 - 15:04
  • De fernije biblioteek fan Stiens yn De Skalm

De biblioteek fan Stiens is ferhuze nei multyfunksjoneel sintrum De Skalm. De nije lokaasje waard tiisdeitemiddei iepene. De kleurrike ynrochting is basearre op lanlik ûndersyk nei de winsken fan biblioteekbesikers. Mei kleuren op tema binne boeken makliker te finen, sa is de bedoeling.

De ferhuzing komt op in momint dat De Skalm de eksploitaasje dreech foarinoar krije kin. Sa hawwe fêste meiwurkers dien krige. De gemeente wol it no yn hannen jaan fan frijwilligers.

De komst fan de biblioteek moat derfoar soargje dat De Skalm yn de takomst iepenbliuwt. De gemeente hat dêr betrouwen yn, want se hawwe foar tsien jier in hierkontrakt mei de biblioteek ôfsletten. De formule 'biblioteek yn doarpshûs' wurdt ek tapast yn De Westereen en Sint-Anne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)