Biblioteek faker iepen

27 jan 2010 - 14:19

De biblioteken fan Snits en Frjentsjer binne fan 1 febrewaris ôf mear iepen. Dat kin om't der in proef is mei selsbetsjinning. Moarns is der dan mar ien meiwurker standby. De leden moatte harsels rêde by it lienen fan boeken. By problemen kinne se op in knop drukke foar help.

Foar ynhâldlike fragen moatte de besikers weromkomme op de oeren dat der wol betsjinne wurdt. Kamera's hâlde de feilichheid fan de besikers en it guod yn de gaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)