Biblioteek ek op snein iepen

24 mrt 2003 - 00:00

De iepenbiere biblioteek yn Ljouwert sil fan 't jier as earste yn de provinsje ek op snein iepen wêze. Dat hat direkteur Sytsma oankundige. De biblioteek bestiet dit jier hûndert jier. Fan septimber oant jannewaris binne minsken it hiele wykein wolkom.

Yn grutte stêden yn it Westen fan it lân is dat benammen yn de hjerst en de winter no al it gefal. It idee om snein iepen te wêzen, spile yn Ljouwert ek al langer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)