Biblioteek De Sweach ticht

19 jun 2001 - 00:00

De biblioteek yn Beetstersweach giet ticht. De iepenbiere bibleteek Opsterlân hat gjin jild om de festiging yn Beetstersweach iepen te hâlden. Neffens direksje en besjoer komt dat omdat de gemeente Opsterlân te min subsydzje jout.

De biblioteken op 'e Gordyk en yn Oerterp bliuwe bestean. De festiging yn Beetstersweach is de lytste mei foaral in protte âldere lêzers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)