Biblioteek De Gordyk ferhuzet

02 jul 2007 - 15:48
  • De ferhuzing fan de mear as 30.000 boeken duorret fjirtjin dagen.

De biblioteek fan 'e Gordyk ferhuzet nei in tydlik ûnderkommen oan de Leitswei. Yn it gebou siet earder in elektrotechnysk bedriuw. It kantoargebou wurdt klear makke om der boekerekken yn te krijen. De ferhuzing fan de mear as 30.000 boeken duorret fjirtjin dagen. Op 13 july is de iepening.

Oan de Skansbrêge yn it doarp sil in folslein nije biblioteek boud wurde. Dy moat begjin 2009 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)