Biblioteek Akkrum bliuwt iepen

12 maaie 2010 - 06:25
  • By in aksje foar it behâld waard de byb noch symboalysk leechhelle (foto: Omrop Fryslâ)

De biblioteek yn Akkrum bliuwt iepen en der wurdt net besparre op it muzykûnderwiis, it Frysk en de korpsen. Dat hat de ried fan Boarsterhim tiisdeitejûn besletten.

De gemeente moat de kommende fjouwer jier 4.8 miljoen euro besunigje. Nei in debat fûnen de riedsleden oare saken yn 'e begrutting dêr't op besparre wurde kin. De ynstellings dy't no bûten skot bliuwe, moatte der wol rekken mei hâlde dat der noch in besunigingsronde komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)