Bibliobussedei yn Thialf

04 okt 2003 - 00:00

De bibliobussen wurde ûnder druk fan de besunigings bedrige yn har bestean. Mar om't it sneon nasjonale bibliobussedei is, kamen bibliobussen en har meiwurkers út it hiele lân wei nei Thialf op It Hearrenfean. Net om aksje te fieren, mar mear as sosjaal barren.

Meiwurkers litte elkoar de bussen sjen en prate oer de lêste ûntjouwings. Sprekkers binne Jeltje van Nieuwenhoven en Geert Mak. Van Nieuwenhoven hat ea noch op in Fryske bibliobus wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)