Bibliobus net mear op it Bilt

16 mrt 2009 - 14:29

Nije wike tiisdei sil de bibliobus foar it lêst lâns doarpen yn de gemeenten It Bilt en Menameradiel ride. De lêste rit is bedoeld om alle liende boeken fan febrewaris op te heljen. Der wurde gjin nije boeken mear útliend.

In Menameradiel komt yn de doarpen in lytse biblioteekfoarsjenning. De gemeente It Bilt nimt takom moanne in beslút oer de takomst fan de biblioteekfunksje yn de doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)