Biblioboat foar wettersporters

10 maaie 2006 - 17:47

Wettersporters dy't nocht ha oan lêzen kinne takom jier op de marren fan de Súdwesthoeke in boek útsykje by de biblioboat. Dêr kinne boeken en tiidskriften liend wurde. Kofje drinke mei in krantsje derby kin ek. Mooglik kin der ek ynternetten en pind wurde.

Strânbibliotheken binne der al langer, dy wiene ferline jier in grut sukses yn Súd-Hollân. Makkum krijt de Fryske primeur. In biblioboat bestiet lykwols noch nearne oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)