Bibleteken Ljouwert krije oare opset

08 des 2014 - 22:14
  • Beurs, Ljouwert

De gemeente Ljouwert praat begjin takom jier oer in nije ynfolling fan 'e bibleteken. Mei-inoar sille de bibleteken it aansten mei goed 6 ton yn it jier minder dwaan moatte. De gemeente wol ien sintrale festiging hawwe yn de stêd. Dat wurdt in folslein kennissintrum.

Dêrnjonken moat de byb yn de wyk en op skoalle in plak krije. Dat hâldt yn dat de bibleteken mei lespakketten oer bygelyks lêzen en mediawiisheid komme moatte. Yn de wyk komt gjin útjeftepunt foar boeken mear, mar benammen in aktiviteitesintrum foar ferskate doelgroepen.

It bestjoer fan de bibleteek Ljouwert kin him fine yn de nije rol, mar wol wol graach fan de gemeente witte hoe't it aansten finansierd wurdt. Neffens har kinne de doelstellings net betelle wurde mei it no besteande budzjet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)