Bibleteekservice wreidet út

08 aug 2011 - 21:57

Bibleteekservice Fryslân wol mear tsjinsten leverje oan bedriuwen en ynstellings. Sûnt dizze moanne fersoarget de organisaasje de fakbibleteek fan soarchynstelling Talant. Personiel kin op ynternet tagong krije ta de sintrale katalogus fan Bibleteekservice Fryslân en dy fan alle oare bibleteken yn it lân.

It materiaal kin oanfrege wurde en wurdt nei de meiwurkers brocht. Talant hoecht sa net langer in eigen bibleteek mei yn stân te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)