Bibleteek Gordyk kostet mear

11 nov 2007 - 12:12

De gemeente Opsterlân is twa ton ekstra kwyt foar de nijbou fan de bibleteek op De Gordyk. De plannen foar de nije bibleteek, dêr't ek apparteminten by komme, binne al in pear jier âld.

Trochdat it sa lang duorret foardat de bou los kin, binne de kosten omheech gien. Dat komt ûnder oare omdat de ferwaarmingsynstallaasje dy't der komt djoerder wurden is. De ekstra kosten wurde betelle út de reserves.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)