Bibeltegels nei museum Warkum

28 mrt 2008 - 13:46

De Warkumer Keamer yn it museum Tsjerklike Keunst yn Warkum hat der sûnt freed in nije kolleksje by. It is de samling bysûndere bibeltegels fan de Ljouwerter tegelsaakkundige Dirk Hoekstra. De ferhalen út it Alde en Nije Testamint binne skildere yn de 17e en 18e ieu.

It Museum Tsjerklike Keunst hat 53 tegels fan Hoekstra kocht. Dat koe nei bydragen fan de gemeente Nijefurd en it Prins Bernhard Kultuerfûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)