Bibelske filmmaraton yn Lollum

15 jan 2007 - 11:32

De tsjerke yn Lollum hat se in nij middel betocht om jongeren yn tsjerke te krijen. Dêr wurdt ein dizze moanne in bibelske filmmaraton hâlden.

De lange filmfertoaning begjint sneon mei in film oer de skepping en dêrnei folgje der 24 oeren lang films dy't wat mei de bibel te krijen hawwe. Snein wurdt dan ôfsletten mei in koarte jeugdtsjinst. Bern dy't yn Lollum op kategesaasje sitte, bliuwe 24 oeren lang sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)