Bibelsk museum út Ternaard wei

25 jul 2007 - 06:27

It Bibelsk_Printekabinet giet fuort út Ternaard. Eigner Theunis Elzinga wol graach nei Dokkum ferhúzje om't de oanrin fan minsken ôffalt. It bibelmuseum, dat in byld jout fan de skiednis fan de bibel, hat tsien jier yn de âlde Meniste-tsjerke fan Ternaard sitten.

Elzinga hopet dat er yn it toeristyske Dokkum mear minsken lûkt. Hy hat oant 1 novimber de tiid om in nij plak te finen. Dan moat er út 'e tsjerke wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)