Bibellêze yn Boksum

26 okt 2008 - 08:34
  • Rense Westra

Akteur Rense Westra lêst nije wike snein foar út de bibel. Dat docht er by in tentoanstelling oer bibels yn de tsjerke fan Boksum. Dêr binne it kommend wykein bibels te sjen dy't foar de ynwenners fan Boksum, Blessum en Deinum in spesjale betsjutting ha. Ek wurde de kânselbibels fan de pleatslike tsjerken tentoansteld.

Neist Westra lêze ek skriuwster Auck Peanstra, programmamakker Gerard van der Veer en ynwenners fan de doarpen foar út de bibel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)