B'him: twa miljoen foar sport

03 des 2008 - 13:45

Der sil de kommende jierren twa miljoen euro ynvesteard wurde moatte om alle bûtensport-akkomodaasjes yn Boarnsterhim wer yn oarder te krijen.

Dat komt út it ûndersyk dat de gemeente útfiere litten hat nei it achterstallich ûnderhâld fan 'e sportfoarsjennings. De útkomsten fan it ûndersyk fernuverje de gemeente net. Yn 2007 waard al rûsd dat der 1,7 miljoen euro nedich wie om alles wer kreas te krijen. It kolleezje sil no in ûnderhâldsplan opstelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)