B'him: Nij plan, minder regels

08 des 2009 - 19:25

Boerebedriuwen yn Boarnsterhim krije it makliker as se útwreidzje wolle. Mei it nije bestimmingsplan bûtengebiet hoege se net mear foar elke bou-oanfraach in hiele proseduere troch te rinnen.

Sa stiet yn it plan dat bedriuwen útwreidzje meie nei twa bunder en hoe grut oft gebouwen maksimaal wêze meie, sûnder dat tastimming nedich is. Der is tsien jier oan it bestimmingsplan wurke, omdat der in soad oerlis west hat, ek mei ynwenners

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)