B'him: gjin brede skoallen

04 jun 2009 - 10:30
  • Kolleezje Boarnsterhim lit plan brede skoalle farre

B en W fan Boarnsterhim stappe ôf fan it plan om brede skoallen te bouwen yn Grou en Akkrum. It kolleezje stelt foar yn beide doarpen gewoane nije skoalgebouwen te bouwen.

Yn Akkrum moat dat gebou komme op it plak fan de besteande iepenbiere skoalle. De gemeente hat dy grûn al yn syn besit. Ek hoecht der gjin nije gymmestykseal boud te wurden, om't der tichtby in sporthal is. Yn Grou wurdt keazen foar de lokaasje A32.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)