B'him: flaters al by ûntstean

07 sep 2009 - 16:20
  • Boargemaster Liemburg
  • Grou wie foarhinne it haadplak fan Idaarderadiel

Der moat in djipgeand ûndersyk komme nei wat der krekt misgien is by it ûntstean fan 'e gemeente Boarnsterhim yn 'e jieren tachtich. Dat seit boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel, doetiids Steatelid foar de PvdA. Neffens har binne der doe flaters makke dy't by nije fúzjes fan gemeenten foar te kommen binne.

Boarnsterhim is yn 1984 ûntstien út de trije gemeenten Idaarderadiel, Raarderhim en in grut part fan Utingeradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)