B'him ek mei oaren om tafel

10 feb 2010 - 10:59

Boarnsterhim sil mei Littenseradiel, Snits en Tytsjerksteradiel om tafel oer opdieling fan de gemeente. Dat wurdt dien op inisjatyf fan de FNP yn Boarnsterhim. Dy tsjinne by de riedsgearkomste in moasje yn dy't troch in mearderheid fan de rie oannaam waard.

Earder joegen de ynwenners foar in tal doarpen yn Boarnsterhim oan graach by Littenseradiel, Tytsjerksteradiel en Snits te hearren. Yn earste ynstânsje prate Boarnsterhim net mei dy gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)